Hospes wint NK koartebaan

06 feb 2012 - 22:35

Sprinter Jesper Hospes fan It Hearrenfean hat syn Nederlânske titel op de koartebaan prolongearre. Yn de finale op de iisbaan fan Assendelft slagge hy der moandei yn fan alle trije oerbleaune tsjinstanners te winnen.

De lêste rit wie tsjin Ronald Mulder, dy't twadde waard. Syn twillingbroer Michel einige as tredde, Pim Schipper waard fjirde. Der diene 48 sprinters mei oan it NK koartebaan.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)