Hospes sânde op WB Berlyn

06 des 2013 - 17:11

Jesper Hospes is freedtemiddei as sânde einige op de earste 500 meter by de wrâldbekerwedstriid yn Berlyn. Hospes notearre in tiid fan 35.13. Winner waard syn teamgenoat Michel Mulder. Hy ried de 500 meter yn 34.80. Foar Mulder wie it de twadde kear yn syn karriêre dat er in wrâldbekerwedstriid wûn hat.

Mulder einige dêrneist ientsiende boppe it baanrekôr fan de Japanner Joji Kato. Tae-Bum Mo fan Súd-Koreä einige freed as twadde yn 34.89 en tredde waard Keiichiro Nagashima út Japan yn 35.01.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)