Hosper kandidaatfoarsitter FNP

05 jan 2013 - 15:46

Ultsje Hosper fan Oerterp wurdt nei alle gedachten de nije foarsitter fan de Frysk Nasjonale Partij. Hosper is kandidaat op fersyk fan it haadbestjoer, sa is sneon bekendmakke op de nijjiersgearsit fan de partij.

De leden meie dêr yn maaie noch oer stimme. Der wie in opfolger nedich foar Nynke Beetstra, dy't yn maaie ôfskied nimt. Hosper wie earder direkteur fan it Fryske Gea. In jier lyn naam hy dêr ofskied, omdat hy mei pensjoen gie. Hosper hat oanjûn graach wat betsjutte te wollen foar Fryslân, de Friezen en de Fryske kultuer.

De FNP is neffens him de iennichste partij dy't echt foar Fryslân opkomme kin. De oare partijen moatte allegearre dwaan wat har haadkantoar yn De Haach seit, sa fynt Hosper.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)