Hortinsje-dieven wer aktyf

05 des 2005 - 15:47

Tsientallen gesinnen yn Winsum binne sneintenacht it slachtoffer wurden fan hortinsje-dieven. Lykas ferline jier waarden yn it doarp de knoppen fan de hortinsjes út hast alle tunen knipt. Al oardel jier binne de dieven warber en oant no ta is noch noait in fertochte oanhâlden troch de plysje.

De dieven wurde wol brutaler want dizze kear hawwe se ek op it tsjerkhôf aktyf west. Dêrfan is oanjefte dien by de plysje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)