'Hortinsiadieven besteane net'

22 jan 2006 - 10:41

De soadbesprutsen hortinsia-dieven besteane mooglik hielendal net. Dat beweart hobbytúnker Boonstra út Beetstersweach.

Neffens Boonstra snoeie guon minsken har hortinsia. Dêrnei groeit de plant wer. As de blêden fan de plant der mei nachtfroast ôffalle, dan ûntdekke minsken faak wer de ôfsnijde punten. Dy punten wurde by hortinsias wyt. Dêrtroch liket it krekt of hat immen se der krekt ôfsnijd.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)