Horrorfilm op Flylân

25 okt 2003 - 00:00

Horrorfilmregisseur Jan Doense makket in film oer sombys op Flylân. Hy hat in lugubere ferzy fan Costa foar eagen. It ferhaal giet oer in groepke jongeren dat oan it kampearen is op it eilân, en te meitsjen krije mei sombys, oftwol libjende deaden. Dat hat wer te krijen mei it seehûnefirus. It script is krekt klear. De regisseur sil no dwaande mei de tarieding fan de produksje. Wannear't de opnames begjinne, is noch ûnbekend.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)