"Hormoanen spylje op by grize seehûnen"

22 des 2015 - 19:50

No't it berteseizoen fan de grize seehûnen foarby is, spylje de hormoanen op by foaral de mantsjes. Benammen op de Richel yn de Waadsee is de striid om de wyfkes no yn folle gong, sa sjocht Nico Laros fan de Waddenunit. 

De Waddenunit hâldt foar ekonomyske saken tafersjoch op de natoer yn de Waadsee. Neffens Laros wurde de jonge seehûnen hieltyd betider berne. Ta problemen mei de hurde wyn hat it net laat, sa is de yndruk. Wol sykje hieltiten mear seehûnewyfkes Gryn op om pups te krijen. It lytse eilân leit in stik heger as de Richel. 

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)