Horloazjedief pakt yn Drachten

30 mrt 2016 - 06:56
  • Oanhâlding

In 69-jierrige man út Nij Beets is tiisdeitemiddei yn Drachten oanhâlden foar it stellen fan in horloazje út in winkel oan de Noarderbuert. Meiwurkers koene in goed sinjalemint trochjaan oan de plysje. Dy hold de man op de Boargemaster Wuitewei oan.

De man sit fêst foar ûndersyk, it horloazje is werombrocht nei de eigener.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)