Horizontoer op Flylân

05 aug 2012 - 10:13
  • Horizontoer

De dielnimmers fan it farrend teaterfestival 'Horizontoer' komme snein oan op Flylân. It tsiendaagse festival is ôfrûne freed begongen yn Harns en einiget takom wike snein ek yn Harns. Wilens wurde alle waadeilannen oandien. Der binne optredens oan board fan de dielnimmende skippen, mar ek yn de kafees en yn de doarpen op de eilannen.

It feest op Flylân giet oant nachts let troch. Moandei giet de Horizontoer fierder nei Skylge.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)