Horeka wol romme parkeartiden

11 nov 2004 - 11:04

De noch te bouwen parkeargaraazje ûnder it Geert Willigenplein op it Fean moat folle langer iepen wêze as no it doel is. De gemeente wol de garaazje troch de wike oant tsien oere jûns iepen litte foar nijkommers en yn it wykein oant middernacht. Der wer út kin wol fjouwer-en-tweintich oeren deis.

Dat is de horeka op it Hearrenfean min nei it sin. Dy fynt dat it 24 oeren deis mooglik wêze moat om deryn en derút te kommen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)