Horecakrant Ljouwert is net mear

01 nov 2002 - 00:00

De Horecakrant Ljouwert bestiet net mear. It blêd waard in jier lyn oprjochte op inisjatyf fan de ôfdieling Ljouwert fan de Koninklijke Horeca Bond. Doel wie om mear omtinken te freegjen foar de pleatslike hoareka.

De hoareka-ûndernimmers hiene lykwols te min belangstelling om yn de krante te advertearjen. De krante waard fergees ferspraat yn in oplage fan 15.000 stiks.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)