Hope op trochstart Griek

25 jan 2008 - 16:28

Kurator Verdonk fan it fallite ynstallaasjebedriuw Griek en Haskotherm ynstallaasjebedriuw fan it Hearrenfean hat goeie hope op in trochstart. Ut it hiele lân ha har al oernamekandidaten melden.

Verdonk tinkt dat de measte meiwurkers mei oernommen wurde. De kurator tinkt der mei in wike wol út te wêzen mei ien fan de oernamekandidaten. It bedriuw hat neffens him in skuld fan oardel miljoen euro opboud.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)