Hope op stipe foar kueroard

12 jan 2006 - 11:26

It bedriuw dat in kueroard begjinne wol yn Froubuorren, rekkent derop dat omwenners en de gemeente it Bilt dat stypje sille. De direkteur seit dat er positive lûden heard hat oer syn plan.

Yn it gebou fan de Fryske Sauna moat in hotel komme mei tritich keamers. Der komt ek in grutter swimbad en in restaurant. It spearpunt yn it projekt is it seewetter mei mineralen dat by de sauna oppompt wurdt. It plan kostet 4,5 miljoen euro.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)