Hop is hast op: Ein oan spesjaalbierkes?

04 mrt 2016 - 16:41
  • Gearparste hop

Troch minne rispingen is der in tekoart oan hop. De lytsere brouwers hawwe dêrtroch in probleem. Guon spesjaalbierkes kinne bygelyks net mear broud wurde of moatte makke wurde mei in oar resept. De smaak kin dêrtroch bot oars wêze.

De fraach nei hop nimt ek ta, want der komme hieltyd mear bierbrouwers by. Neffens Gerard Ypenga fan BrouwDOK út Hanrs moat der dêrtroch kreatyf omgien wurde mei de hop. Fernijing en útdaging sjocht hy, yn it finen fan nije hop.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)