Hooyboer werom nei it twadde

19 nov 2007 - 12:05
  • Rick Hooyboer hat no spyt fan syn protestaksje

Rick Hooyboer is troch Cambuur-trener Jurrie Koolhof werom setten nei de twadde seleksje. De sanksje komt neidat Hooyboer ôfrûne freed yn de wedstriid tsjin Haarlem de oanfierdersbân as protest ûnder syn shirt droegen hat.

Hooyboer die dat omdat er it der net mei iens wie dat de earste oanfierder Koen Brack op de bank set wie troch Koolhof. Cambuur ferlear freed mei 1-3 fan Haarlim.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)