Hoornstra bliuwt as waarnimmer

25 jan 2013 - 10:22
  • De flagge fan Gaasterlân-Sleat

Boargemaster Willem Hoornstra giet nei 1 febrewaris fierder as waarnimmend boargemaster yn Gaasterlân-Sleat. Dat bart op fersyk fan kommissaris fan de keninginne John Jorritsma. Hoornstra soe der mei ophâlde, omdat er mei pinsjoen kin en hie al earfol ûntslach krigen.

Omdat Gaasterlân-Sleat takom jier opgiet yn de gemeente De Fryske Marren is besletten om net mear om in opfolger te sykjen. Sawol Hoornstra as de gemeenteried hawwe posityf reagearre op it foarstel fan de kommissaris.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)