Hoop trochstart Van der Veen

28 maaie 2013 - 16:27
  • Transportbedriuw Van der Veen

De malêze yn de bousektor hat de kop koste oan transportbedriuw Van der Veen út Sumar. Dat seit it fakbûn FNV Bondgenoten. Tiisdeitemiddei is it bedriuw trocht de rjochtbank fallyt ferklearre. Van der Veen docht in soad wurk foar boubedriuwen. As it dêr min giet, dan hat it transportbedriuw dêr bot lêst fan.

Van der Veen bestiet al sûnt 1931. Der wurkje 50 minsken en it bedriuw hat 40 frachtweinen. It fakbûn hopet gau mei de kurator om tafel te gean om te sjen nei in mooglike trochstart.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)