Hoop op Welvaart kampioen yn lytse A-klasse

08 aug 2015 - 13:53
  • In pear bemanningsleden fan it IFKS-frouljusskûtsje

Op de slotdei fan de IFKS-silerij op De Lemmer is Hoop op Welvaart fan Snits mei skipper Rutger Boonstra as earste einige yn it klassemint fan de lytse A-klasse. Deiwinner op de lêste dei yn dy A-klasse wie De tiid sil 't leare út Amsterdam mei skipper Daan van der Meer.

De Lege Wâlden fan Terherne mei skipper Jehanne Prins is kampioen wurden yn de C-klasse. Kampioen yn de B-klasse is it skûtsje Ut en Thús fan Snits mei skipper Floriaan Zwart wurden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)