Hoop nei útspraak proefproses

07 jul 2003 - 00:00

De famylje Prins fan Ie is foarsichtich optimistysk oer har striid tsjin in strafkoarting. Trije boeren dy't in proefproses oanspand hiene foar in fergelykbere saak, binne frijsprutsen.

Nei de romming fan fee mei de tongblierkrisis krige boer Prins in strafkoarting fan 50.000 euro. Dat wie om't twa fan syn kij gjin earflap ynhiene. Prins hat mei fjirtjin oaren prosedeard tsjin de straf. Dat liket no resultaat te hawwen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)