Hoop foar RTS

01 mrt 2005 - 12:16

It moat mooglik wêze dat de lokale omrop fan Smellingerlân in trochstart makket. Dat sei CDA-riedslid Dick de Jong moandei by in gearkomste foar meiwurkers fan de stifting RTS. De Jong tinkt dat der yn goed oerlis mei wethâlder Veenstra fan Smellingerlân in oplossing komme kin.

RTS yn Drachten hat in tekoart fan tsientûzenen euro's. Der wurkje fiif minsken yn fêste tsjinst. De omrop stjoert foarearst noch wol út.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)