Hooiveld op proef yn Skotlân

19 jan 2005 - 23:37

Ferdigener Jos Hooiveld fan SC Heerenveen is op proef by it Skotse Livingston. Hooiveld komt by Hearrenfean hast net oan spyljen ta en mei fan de klub fertrekke.

Livingston spilet yn de heechste divyzje yn Skotlân en stiet dêryn op it lêste plak. De proefstaazje fan Hooiveld duorret in wike. Hy kaam yn 2001 oer fan Emmen en spile sûnt dy tiid yn trettjin kompetysjewedstriden fan SC Heerenveen mei.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)