Hooijboer yn 'e ferdigening

27 okt 2006 - 10:17

Oanfierder Rick Hooijboer fan Cambuur spilet freedtejûn yn Dordrecht net op it middenfjild mar as sintrale ferdigener. Hooijboer ferfangt op dat plak de blessearre Koen Stam. Fierder is de seleksje fit. De sfear is ek goed nei de 3-1 winst op de Go Ahead Eagles. Cambuur pakte yn de lêste 4 wedstriden 9 punten.

Ald-Cambuur trainer Gert Kruys is no trainer fan Dordrecht. Dy ploech stiet twadde yn de Jupiler league.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)