Hoogvliegersdag Drachten op 12 septimber

03 sep 2015 - 08:19
  • De bern kinne mei in sportfleantúch de loft yn

Op de airstrip yn Drachten wurdt takom wike sneon foar de sechsde kear in Hoogvliegersdag holden. 33 groanysk sike of hendikepte bern út Drachten en omkriten en fan skoalle Lyndensteyn of revalidaasje Fryslân yn Beetstersweach, meitsje dan in flecht boppe Fryslân.

De organisaasje is yn hannen fan de Lionsklup Surhusterfean en de Kiwanisklup Drachten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)