Hoogma nimt mei wedstriid ôfskie

28 apr 2004 - 00:00

Mei in ôfskiedswedstriid wurdt Nico Jan Hoogma 1 juny troch syn klub Hamburger SV útswaaid. De âld-Cambuurspiler (35) komt nei seis seizoenen Dútsk fuotbal werom nei Nederlân. De ferdigener hat in kontrakt tekene by Heracles Almelo.

Yn de wedstriid spylje kollega's fan Hoogma by FC Twente tsjin in alvetal fan Hamburchske spilers en âld-spilers. Hoogma is wie oanfierder fan Hamburger SV. Fan 1989 oant 1992 hat er trije seizoenen foar Cambuur spile.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)