Hoogma fan HSV nei Heracles

30 mrt 2004 - 00:00

Nico Jan Hoogma sil it kommende seizoen by Heracles Almelo fuotbalje. Hoogma (35) is op dit stuit noch oanfierder fan 'e Hamburger SV. Hoogma hat seis jier foar HSV yn 'e Bundesliga spile. Hy wol syn karriêre graach ôfbouwe by in Nederlânske klub. Dat is dus Heracles wurden. Hoogma hat foar ien jier tekene by Heracles.

Hoogma spile earder foar Sportclub Cambuur en FC Twenthe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)