Hooghiemster wint yn Frankryk

13 apr 2011 - 20:49
  • René Hooghiemster

René Hooghiemster hat de earste etappe fan de Tour du Loir-et-Cher wûn. De 24-jierrige Drachtster wie yn de etappe oer 153 kilometer fan Blois nei Lamotte Beuvron de rapste fan in kopgroep fan tolve man. It peloton, mei dêryn syn broerke Niek Hooghiemster, hie in achterstân fan ien minút en 32 sekonden.

René Hooghiemster begjint tongersdei yn de giele trui. Dy etappekoers yn Frankryk duorret noch oant en mei snein.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)