Hooghiemster wint yn Drachten

15 maaie 2010 - 17:09
  • René Hooghiemster op argyffoto (www.sportfoto.nl)

Hurdfytser René Hooghiemster fan Drachten hat sneon yn syn eigen wenplak de Lippe Wonen A7 Classic wûn. Hy wûn de sprint nei 172 kilometer fan Sebastiaan Kamphuis út Hengelo. De twa hurdfytsers wiene fuortriden út in kopgroep fan 29.

Sprinter Peter Möhlmann waard tredde. Sierd Steigenga fan Eksmoarre, ploechmaat fan de winner, waard fjirde. It wie foar René Hooghiemster de tredde klassiker-oerwinning fan it seizoen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)