Hooghiemster lit him goed sjen

26 feb 2011 - 16:16

Hurdfytser René Hooghiemster hat him goed sjen litten yn de earste wedstriid fan it nije seizoen, de Ster van Zwolle.

Hooghiemster siet 85 kilometer lang yn in kopgroep fan sân man mei in maksimale foarsprong fan fjouwer minuten. Dy groep rêde it net. Sa'n tsien kilometer foar de ein naaide in groep fan fiif man út. Barry Markus fan de Rabobank wûn de sprint fan de kopgroep. Wim Botman, ploechmaat fan Hooghiemster, waard twadde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)