Hooghiemster 2e yn Biesbosch

05 apr 2010 - 19:47

René Hooghiemster is peaskemoandei twadde wurden yn de Altena Biesbosch-ronde. Yn de finale fan 'e 180 km lange klassiker gong de Drachtster hurdfytser mei twa man fan Van Vliet op aventoer. Ronan van Zandbeek en Sjoerd Kouwenhoven besochten om bar fuort te kommen, mar Hooghiemster joech gjin belies.

De einsprint gong er krekt te betiid oan en sa waard er troch Van Zandbeek ferslein. In wike lyn wûn Hooghiemster de Omloop fan de Feankoloanjes.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)