Hoogeveen fuort by Cambuur

16 maaie 2007 - 20:12

Middenfjilder Berry Hoogeveen hat syn kontrakt by Cambuur ynlevere. It kontrakt wurdt mei yngong fan 1 juny op eigen fersyk ûntbûn. Hoogeveen hie noch in jier te gean by de Ljouwerters, mar hie it net mear nei it sin. De fuotballer út Emmen kaam ferline jier oer fan Veendam.

Hoogeveen stie yn de twadde helte fan it seizoen hast alle wedstriden yn de basis. De 28-jierrige Hoogeveen kiest foar wurk bûten it fuotbal.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)