Hongerstaking Dokkum foarby

14 feb 2003 - 00:00

De gemeente Dongeradiel hat in part fan de skulden fan Marijke Bogart fan Dokkum kwytskatten. Frou Bogart is in bystânsmem en se wie yn hongerstaking gien om't se net mear wist hoe't se har finansjele problemen oplosse moast.

Wethâlder Appelhof fan Dongeradiel hat derfoar soarge dat har in part fan dy skulden skonken wurdt. Hy hat dêrby wol easke dat de frou profesjonele help siket, bygelyks by maatskiplik wurk. Frou Bogart hat dat tasein.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)