Hongerige ynbrekker trapearre

20 nov 2011 - 15:50

In ynbrekker yn Fryske Peallen is sneontejûn trapearre doe't er yn in hûs siet te iten. De 28-jierrige man sûnder fêst wen- of ferbliuwplak hie eefkes dêrfoar in rút fernield om it hûs yn te kommen.

Tsjûgen hiene lykwols dat glêsgerinkel heard en warskôgen de plysje. Dy fûn de man dus al itend yn it hûs.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)