Hongaarse films op Filmfestival

14 sep 2004 - 11:50

Op it Noordelijk Film Festival binne dit jier njoggen Hongaarse films te sjen. It regear fan Hongarije hat in kultureel programma opset ûnder de namme 'Hongarije oan see'.

Foar film is it Noardlik filmfestival keazen, dat yn novimber yn Ljouwert plakfynt. Hast alle regisseurs fan de njoggen films komme op it festival om har wurk ta te ljochtsjen. Nei it filmfestival binne de films yn oare parten fan Nederlân te sjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)