Homo's mishannele yn Snits

07 mrt 2013 - 15:54
  • Homo's mishannele op stasjon Snits

Twa manlju út Ljouwert binne tiisdeitejûn let op it stasjon fan Snits troch twa famkes fan in jier as 16 mishannele om't se homoseksueel binne. De mishanneling begong op it stasjon, mar neidat se yn de trein nei Ljouwert stapt wiene, gie it gewoan troch. Se waarden yn de trein skopt en slein.

Flak foardat de kondukteur de doarren ticht die, binne de famkes ús de trein sprongen. Se binne noch hieltyd net fûn. Homobelange-organisaasje COC sprekt syn ôfgrizen út oer de mishanneling.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)