Homo-evenemint yn Ljouwert

08 nov 2013 - 22:05

Ljouwert krijt ein dit jier syn eigen homo-evenemint. Dat seit event manager Leon Waai út Amsterdam. Hy wol yn de wike dat it Glêzen Hûs yn Ljouwert stiet in rôze moandei organisearje. De bedoeling is dat op de saneamde Pink Monday tsientûzenen homo's en lesbiennes yn rôze klean nei Fryslân ta komme om sa in statement te meisjen tsjin homogeweld.

De Pink Moandei sil plakfine op moandei 23 desimber. Leon Waai ferwachtet dat der gau fyftjintûzen homo's en lesbiennes op it evenemint ôfkomme sille.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)