Hommertser mislediget plysje

14 feb 2010 - 13:26

De plysje hat yn de nacht fan sneon op snein yn Snits in 40-jierrige ynwenner fan De Hommerts oanhâlden. De man makke spyl op strjitte by de Kleine Kerkstraat. Neidat de plysje him op syn gedrach oansprutsen hie, makke hy misledigende opmerkings. Ek nei in warskôging bleau er ferfelend.

De plysje naam de man op fertinking fan mislediging, bedriging en iepenbiere dronkenskip mei nei it plysjeburo.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)