Hommaazje oan SKS-skippers

29 jun 2003 - 00:00

Shantykoar Rolling Home bringt mei de nije cd 'Jim folk fan Fryske grûn' in hommaazje oan 'e skûtsjeskippers. Alle fjirtjin SKS-skippers wiene sneon by de presintaasje fan 'e cd op 'e Lemmer.

Nei de sjongerij wie der in silerij, organisearre troch de SKS. De kommisje fan Ljouwert soe earst de wedstriid op tou sette. Mar fanwege de reboelje om skipper Ulbe Zwaga hinne, seach Ljouwert dêrfan ôf.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)