Homeopaty yn stee fan intsjen

14 apr 2001 - 00:00

Homeopaty moat brûkt wurde tsjin de tongblier. Dat idee komt fan biologysk boer Oosterhof út Drachten. Sels hat er syn kij mei it middel, besteande út arsenikum en borax, behannele.

Homeopaty is neffens de boer in goed alternatyf foar it intsjen. It is boppedat goedkeaper as ynintsjen. Foar fjirtich gûne hat er syn bisten behannele. Hy hat ek genôch oanwizings dat it helpe soe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)