Holwerter twa kear yn 'e fout

04 okt 2011 - 11:08

De plysje hat yn Dokkum moandei de auto fan in Holwerter (40) yn beslach nommen. De man moast foar ûndersyk op it plysjeburo komme. Doe't aginten seagen dat de man mei de auto kaam, moast hy in azemtest dwaan. De man hie tefolle dronken en moast syn rydbewiis ynleverje. Ek krige hy in rydferbod foar 9 oeren.

Mar in pear oeren letter seagen plysjes dat de man foar it buro wer yn de auto stapte. Hy waard doe foar de twadde kear oanhâlden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)