Holwerter oppakt om bommelding

01 sep 2008 - 11:38

In man fan 29 jier út Holwert is sneintejûn op it stasjon fan Amersfoort oppakt om't er in falske bommelding dien hie. Tsjin healwei alven krige de plysje in melding dat der in man mei in bom op it stasjon stie. De plysje rukte dêrop út en sette it stasjon ôf. It treinferkear waard stillein.

De man waard oanholden en meinaam nei it buro. Yn syn tas siet gjin bom, allinnich klean. De treinen koene nei tsien minuten wer ride.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)