Holwerter ferwûne by ûngelok

10 sep 2008 - 09:40

In man (49) fan Holwert is tiisdei ferwûne rekke by in ûngelok yn eigen doarp. De man klapte op in fytser (42), ek út Holwert, doe't er dy mei syn bromfyts ynhelje woe. Dy fytser sloech lykwols krekt op dat stuit ôf.

De bromfytser rekke ferwûne oan syn skonk en rêch en is nei it sikehûs yn Dokkum oerbrocht. De fytser hie allinnich in lytse ferwûning oan ien fan syn fingers.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)