Holwerter diken feiliger makke

04 okt 2012 - 14:06

Deputearre Sietske Poepjes hat tongersdei yn Holwert de fernijde Stasjonswei en Ljouwerterdyk iepene. De diken binne feiliger makke, ûnder oare troch de oanlis fan in oerstekplak foar fytsers. Ek wurde mei obstakels auto's twongen stadiger te riden. Op de diken hawwe yn it ferline geregeld ûngelokken west, ek mei deadlike ôfrin.

De opknapbeurt is útfierd troch de provinsje, yn oerlis mei doarpsbelang Holwert. Deputearre Poepjes krige by de iepening help fan de skoalbern út it doarp.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)