Holwert: ynspraak oer nijbou

08 mrt 2002 - 00:00

Holwerters kinne meibeslute oer de nijbou yn it doarp. Wenningstichting Dongeradiel wol santich huzen ôfbrekke en ferfange troch nijbou. De doarpsbewenners krije fia in enkête ynspraak yn it type nije wente en de doelgroep.

Yn hiel Dongeradiel meitsje 700 wenten plak foar 1100 nije. It is net bekend oft de ynwenners fan de oare doarpen ek ynspraak hawwe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)