Hollumers bale fan Rabobank

10 feb 2010 - 12:30

De ynwenners fan Hollum op It Amelân binne min te sprekken oer de Rabobank. De festiging yn it doarp is sûnt dit jier ticht. Dat wie wol te ferwachtsjen, mar de service dy't der no is, is net neffens de ôfspraken.

Dat waard dúdlik op de jierfergadering fan Doarpsbelang. Der is in pinautomaat, mar dy is faak stikken. Foar de âlderein is gjin goede oplossing om har banksaken te dwaan. Doarp en gemeente wolle mei de bank prate om de problemen op te lossen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)