Hollanners rôvje boerd Balk

14 nov 2010 - 13:25

Der binne sneontenacht trije Súdhollanners yn Balk betrape op it stellen fan it plaknammeboerd. In tsjûge seach it en warskôge de plysje. Dy fûn de dieders op de Eigen Haard.

It gie om twa 18-jierrige ynwenners fan Dirksland en in 15-jierrige en 19-jierrige ynwenner fan Melissant. It boerd lei yn de auto, mar dat wie net alles. Der waard ek noch soft- en hardrugs fûn. Alles is yn beslach naam en de Hollanners binne meinaam nei it plysjeburo.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)