Hollander fuort by ONS en FVC

17 okt 2014 - 13:37
  • Trainer Bert Hollander

Trainer Bert Hollander en fuotbalklup ONS Boso Snits gean oan de ein fan dit seizoen út elkoar. Dat hat de klup freedtemiddei bekend makke. Hollander is dit seizoen njonken haadtrainer yn Snits ek noch trainer fan FVC yn Ljouwert. Hy sil ek by dy klup syn funksje dellizze.

ONS sette sels de earste stap yn de syktocht nei in nije trainer, seit Bert Hollander. Plannen foar it nije seizoen hat Hollander noch net, mar hy stiet iepen foar útdagings.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)