Hollander ferlingt kontrakt

23 nov 2013 - 15:41
  • Sandor van der Heide en Bert Hollander

Bert Hollander is ek takom seizoen de haadtrainer fan topklasser ONS Boso Snits. Hollander, ek trainer fan sneinshaadklasser FVC, hat syn kontrakt mei in jier ferlinge. Sandor van der Heide bliuwt syn assistint. As fuotballer sil Van der Heide hieltyd minder yn aksje komme. Spilet er al dan sit Leo de Wagt njonken Hollander op de bank.

It leit yn de bedoeling om Sandor van der Heide yn it seizoen 2015-2016 haadtrainer fan ONS te meitsjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)