Holland Casino begjint werving

12 apr 2006 - 14:20

Holland Casino begjint sneon mei it sykjen fan personiel foar de nije festiging by it FEC yn Ljouwert. Der komme dan advertinsjes yn de kranten.

Mei inoar siket Holland Casino ûngefear 100 minsken op de flier en tusken de 30 en 50 foar yn de hoareka. Minsken kinne sollisiteare op ûnder mear funksjes as croupier, meiwurker spylautomaten en resepsjonist. It is de bedoeling dat it kasino krekt foar de krystdagen iepengiet

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)