Holdoek Beatrix: kâlde drokte

13 jan 2012 - 14:25

De drokte dy't de PVV makket oer de holdoek fan Keninginne Beatrix op steatsbesite yn moskeeën yn Oman en Abû Daby jout oan hoe oerflakkich de polityk is. Dat seit Keninklikhûssaakkundige boargemaster Bearn Bilker fan Kollumerlân. De Keninginne docht itselde wat toeristen ek dogge as se yn in moskee komme.

Beatrix past har mei it gefolch op steatsbesites altyd oan, yn kleur en dessin fan de klean. Oare Europeeske keningshuzen dogge dat ek. Yn earder tiden wie it ek al sa. Yn de 19e ieu die Wilhelmina sels in kear in Fryske klaaiïnge oan op in besite oan Fryslân, seit Bilker.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)