Hokkeling yn de jarreput

20 apr 2006 - 09:40

By de pleats fan de famylje Jaarsma yn Lytsewierrum is de brânwacht de hiele moarn dwaande west mei in rêdingsaksje fan in hokkeling. It bist wie woansdeitemoarn yn de jarreput fallen.

Tegearre mei twa oare hokkelingen wie it bist troch in hikke brutsen en troch de planken oer de jarrekolk hinne sakke. De beide oare hokkelingen rekken yn de feart. De brânwacht hie mear as trije oeren nedich foar de rêdingsaksje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)